Hânbal: Nederlân spilet lyk

30 okt 2005 - 16:42

Op de lêste dei fan it hânbaltoernoai Leeuwarden Handbalstad soarge it Nederlânsk team foar in grutte ferrassing troch mei 25-25 lyk te spyljen tsjin Egypte. Egypte stiet by de earste fiif op de wrâldranglist.

It toernoai waard wûn troch Tsjechië, dat yn de lêste wedstriid mei 36-33 wûn fan Roemenië. Nederlân einige as lêste mei 1 punt. Fabian van Olphen waard de topskutter fan it toernoai. Ek takom jier komt der wer in edysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)