Rapport feiligens yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Tsien Boalserters ha it CDA Boalsert in rapport oerlange mei dêryn advizen foar feilige en leefbere wenwiken. De tsien binne gjin lid fan it CDA. De riedsfraksje fan dy partij hie se frege om it rapport te meitsjen.
Se ha wurkbesites brocht oan de wenningstifting, de wykplysje en de gemeente. Op basis dêrfan is in tal konklúzjes lutsen en dy stean yn it rapport. Neffens it rapport binne der net in soad plysjeminsken yn Boalsert.