Us Heit komt mei Fryske whisky

29 okt 2005 - 17:42

Bierbrouwerij Us Heit yn Boalsert hat sneontemiddei syn eigen whisky presinteard. De drank sil ferkocht wurde ûnder de namme Frysk Hynder.

De whisky wurdt ferkocht fia ynternet en de eigen winkel fan Us Heit, by de brouwerij. Der is ynearsten tsientûzen liter makke fan de single malt whisky, dêr't Us Heit trije jier lyn mei begûn is te stoken. De priis is 37,50 euro de flesse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)