Itensied-les Ljouwerter bern

29 okt 2005 - 17:16

Jongeren út de Ljouwerter wyk Achter de Hoven leare yn in spesjaal projekt hoe't se iten siede moatte. Dit bart yn it ramt fan it sosjaal programma dat foar dy wyk opsteld is.

De bern dy't meidogge binne tusken de 15 en 23 jier. Se leare ek hoe't se de tafel dekke en gasten wolkom hjitte moatte. It achterlizzende idee is om de jongeren mear respekt foar inoar by te bringen, troch se yn groepsferbân oparbeidzje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)