'Roasterproblemen binne oer'

© Omrop Fryslân
De roasterproblemen by twa festigingen fan de skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert binne foarby. Dat sizze de beide direkteuren. Op de festiging Nijlân ha de bern dit wykein allegear in nij roaster krigen. By Montessori bart dat op 14 novimber.
Begjin dizze moanne wiene der noch grutte problemen mei de roasters. Learlingen sieten sûnder roaster of hiene ien mei in soad flaters. Dit liede ta aksjes fan skoalbern.