Alde Frysk Museum wurdt ferkocht

© Omrop Fryslân
Deputearre Bertus Mulder hat freed de nije en definitive plannen presintearre foar in nij Frysk Museum. Yn de plannen komt op It Saailân in nij museum dêr't de Fryske skiednis yn sintraal stean sil. De âlde histoaryske gebouwen op 'e Twabaksmerk, dêr't it museum no sit, wurde yn de plannen ferkocht.
De Steaten sille op 9 novimber prate oer it foarstel. Benammen CDA en VVD wiene oant no ta noch lang net oertsjûge fan de needsaak fan nijbou.