Moaie waar te let foar horeka

29 okt 2005 - 13:27

It moaie waar fan de ôfrûne dagen komt te let foar de measte horekabedriuwen yn Fryslân. Hoewol't de terraskes yn de stêden goed fol sitte, hat de horeka yn de doarpen der eins gjin profyt fan. Bûten de fakânsje om binne der net in soad minsken dy't de wettersportdoarpen opsykje. Se geane leaver de stêd yn.

Ljouwert hat dit jier net in min simmerseizoen hân, omdat minsken mei min waar ek de stêd yngeane. Dat seit de horeka-organisaasje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)