AID tefreden oer ophokplicht

29 okt 2005 - 12:15

De Algemene Inspectie Dienst (AID) is tefreden oer it neilibjen fan de ophokplicht yn Fryslân. Minsken dy 't as hobby plomfee hâlde, moatte der foar soargje dat de bisten net yn kontakt komme kinne mei wylde fûgels. Dit om fûgelgryp foar te kommen.

De AID dielt noch gjin boetes út. Minsken dêr 't de AID fan wit dat se noch net oan de ophokplicht foldogge, krije de tsjinst noch foar in twadde kontrôle op it hiem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)