Plysje by aksje Kooistra

16 mrt 2012 - 14:27

De aksje fan de fakbûnen by de kleanwinkel fan Kooistra oan de Skrâns yn Ljouwert is freed út de hân rûn. Guon aksjefierders giene de winkel yn om dêr de klanten oan te sprekken oer it konflikt mei eigener Sienema fan de kleanwinkel.

De lieding fan de winkel hat de plysje derby helle en dy hat de aksjefierders der útset. De plysje drige ek ien fan de aksjefierders oan te halden, mar dat is net bard. It konflikt tusken de fakbûnen en Sienema draait om it ûntslach fan de it personiel fan Kooistra yn Appingedam.

Trefwurden: 
aksje Kooistra kleansaak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)