'Spilers yn 'e steek litten'

© Omrop Fryslân
De spilersseleksje fan Cambuur fielt him yn de steek litten en foar de gek hâlden troch it âlde bestjoer fan Cambuur. Neffens oanfierder Koen Brack hie net ien de krisis oankommen sjoen. Elkenien gie der fan út dat Cambuur der finansjeel wer goed foar stie dit seizoen. Mar fan dat betrouwen is nei alle kommoasje neat mear oer.
Brack soe it leafst earst skjin skip meitsje en dan de saak opnij opbouwe. Ek freget er iepening fan saken.