Weening langer by Rabobank

28 okt 2005 - 15:21

Hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema fytst oant en mei 2007 foar de Rabobankploech. De 24-jierrige Weening hat dêr dizze wike in sterk ferbettere kontrakt tekene. Ek in tal bûtenlânske ploegen hiene ynteresse foar him. Mar hy keas foar de Rabobank omdat hy it dêr goed nei it sin hat en ek frijer fytse kin as by de oare ploegen.

Weening syn status as renner is dit jier bot tanaam foaral fanwege syn etappewinst yn de Tour de France.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)