"Beswier meitsje tsjin oanslach"

© Omrop Fryslân
De aksjegroep "Laat het zout maar zitten" ropt Friezen op om beswier te meitsjen tsjin de oanslach foar de wetterskipslesten foar dit jier.
De aksjegroep is lulk dat alle Friezen meibetelje moatte oan de skea dy't feroarsake wurdt troch de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. Soks stiet yn de taljochting by de oanslach. De aksjegroep is it der net mei iens, omdat sâltfabryk Frisia betelje soe foar de gefolgen fan de boaiemdelgong.