Snits op syk nei berne-opfang

28 okt 2005 - 11:01

De gemeente Snits is op syk nei ien dy't in berne-opfang regelje wol foar de nije brede skoalle yn de wyk Duinterpen. De brede skoalle sil yn 2007 út ein sette mei 900 learlingen. De brede skoalle is in gearwurking tusken ferskate basisskoallen yn Snits.

Yn de nije skoalle is ek rûmte foar berne-opfang, mar in útbater is noch net fûn. De berne-opfang moat dêrby wol ree wêze om mei de oare partijen gear te wurkjen yn it nije skoalkonsept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)