Bankoerfallers langer fêst

27 okt 2005 - 17:39

Trije Amsterdammers dy't yn july by in oerfal op'e ABN-Amro Bank yn Burgum E 62.000 stellen, bliuwe fêst sitten. Op'e pro-forma sitting tongersdei hiene de abbekaten fan twa fan de fertochten om skorsing fan de hechtenis frege.

De jonge fertochten wolle wer nei skoalle en nei hûs. De rjochtbank gong hjir lykwols net mei akkoart om't dat net út te lizzen falt oan de maatskippij. Begjin desimber sil de saak behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)