Tal waadfûgels rint werom

© Omrop Fryslân
It giet min mei it tal waadfûgels en dan benammen mei de strânljip, de eider en de mients. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fûgelbeskerming. Mei 15 fan de 34 ûndersochte waadfûgelsoarten giet it min.
De ûndersikers tinke dat de mechanyske kokkelfiskerij ien fan de oarsaken is. De Fûgelbeskerming hat it ûndersyk hâlden fanwege de grutte waadkonferinsje dy't nije wike hâlden wurdt op Skiermûntseach.