Gjin hotelkeamer frij op Skier

27 okt 2005 - 11:00

Hiel Skiermûntseach is folboekt foar de grutte Waadsee-konferinsje takom wike woansdei en tongersdei. It is noch net faak foarkommen dat troch de wike gjin keamer mear te finen is op it eilân. Mar no nimme ministers, amtners, petysje-skriuwers, aksjefierders en sjoernalisten in pear dagen besit fan it eilân.

Foar toeristen binne der lykwols noch wol wat húskes te besetten fia it VVV fan Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)