Viktor Elm wol nij aventoer

16 mrt 2012 - 14:02

Nei fjouwer seizoenen by SC Hearrenfean giet oanfierder Viktor Elm op syk nei in nije útdaging. It kontrakt fan de Sweedske middenfjilder rint oan de ein fan it seizoen ôf en dus smyt Elm de klup gjin transferjild op.

"Na vier seizoenen is het goed voor de motivatie en persoonlijke ontwikkeling om iets nieuws te gaan doen", sa seit Viktor Elm. "Bovendien heb ik een paar opties". SC Hearrenfean hat Sparta middenfjilder Marten de Roon op it each as opfolger fan Viktor Elm.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)