Gjin finansjele liken seit Adema

27 okt 2005 - 10:10

Der kinne by Cambuur net op 'e nij finansjele liken út de kast komme. Dat seit âld-foarsitter Wytze Adema yn reaksje op it opstappen fan syn opfolger Pier van der Sluis. Dy hat syn funksje dellein om't de klub yn gruttere finansjele problemen sitte soe as by syn oantreden tocht waard.

Neffens Adema kin dat net wier wêze. Boppedat fynt er it swak dat it nije bestjoer al nei goed twa moannen opstapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)