Kroes fytst wer foar goed doel

© Omrop Fryslân
Henk Kroes is op 'e nij dwaande mei de tariedings foar in lange fytstocht foar in goed doel. Earder fytste Kroes alris fan Wladiwostok nei Skeveningen, in tocht fan tolve tûzen kilometer.
Dizze kear giet de tocht oer tsien tûzen kilometer fan Boalsert nei Ghana. It jild giet nei in tal ûnderwiisprojekten yn West-Afrika. Op moandei 21 augustus takom jier set Kroes mei syn fyts ôf rjochting Ghana.