'Mear stipe foar Thialf nedich'

© Omrop Fryslân
IIsstadion Thialf op it Hearrenfean krijt it yn de takomst dreech as it reedridersbûn KNSB net mei mear finansjele stipe komt. Neffens direkteur Jarco Nieweg fan Thialf hâldt it KNSB him net oan de makke ôfspraken om fan Thialf de trainingakkommodaasje foar reedriders te meitsjen.
It giet dan foaral om de tasizzing dy't twa jier lyn dien is om ek it shorttracken fan it bûn yn Thialf te konsintrearjen.