Stellingwerfs riedslid stapt op

26 okt 2005 - 12:47

It riedslid Ton Mulder fan Weststellingwerfs Belang hâldt der mei op. Dat hat er tiisdei besletten. Mulder sei dat syn kollega-riedsleden slap wiene, doe't op 3 oktober praat waard oer it kaapjen fan beammen yn Wolvegea. Mulder is dêr op tsjin, de oare riedsleden yn mearderheid net.

Mulder hat letter wol syn eksúses oanbean, mar dat wie neffens guon fraksjes net mear genôch. It riedslid naam doe it beslút dermei op te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)