No ek Frysk surfe mei Opera

© Omrop Fryslân
Berend Ytsma (28) fan Noardburgum hat de Noarske browser Opera folslein oerset yn it Frysk. De Fryske ferzje fan Opera kin fergees download wurde. Opera is de alderearste browser dy't yn it Frysk beskikber is. Oan de oersetting fan de Firefox wurdt noch wurke; in Fryske Explorer is der net.
Ytsma hat 'file' oerset as 'triem' en fan browser hat er 'blêder' makke. Surfe op ynternet moatte je yn eigen taal dwaan kinne, sa fynt Ytsma.