Ek nijbou sûnder Cambuurstadion

26 okt 2005 - 00:00

It makket projektûntwikkelder Accolade net in soad út oft Cambuur bestean bliuwt, de nijbouplannen foar it gebiet om it stadion hinne geane gewoan troch. Dat seit Cees Oprins fan Accolade. Hy hat plannen om wentuorren en hûzen om it stadion hinne te bouwen.

Giet Cambuur oer de kop dan sil it stadion plak meitsje moatte foar mear wenten of winkels. It stadion sil dan sloopt wurde. De Accoladegroep wol 8 miljoen euro betelje foar it stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)