Van Gerner ek nei rjochter

16 mrt 2012 - 13:56
  • Celine van Gerner

Turnster Celine van Gerner sleept it turnbûn KNGU foar de rjochter. Se wol in kâns krije om har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan Londen. De KNGU wol dat net.

Van Gerner, dy't op de turnskoalle Hearrenfean traint, hat in nominaasje foar de Spelen. Troch in blessuere koe se oant no ta gjin foarmbehâld toane. Se is no wer fit. Mar de KNGU hat yntusken Wyomi Masela al oanwiisd as dielnimster. Van Gerner fynt dat te betiid. Turner Jeffrey Wammes fjochte earder it oanwizen fan Epke Zonderland mei súkses oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)