Rembrandtbibel yn nije fertaling

© Omrop Fryslân
Utjouwerij Jongbloed op it Hearrenfean komt mei in Rembrandtbibel yn de nije bibelfertaling. De bibel mei reproduksjes fan skilderijen fan dizze 17-ieuske skilder wurdt tongersdei yn Amsterdam presintearre yn it ramt fan de 'Bibel10daagse'.
Yn de bibel stean bygelyks it offer fan Isaäk en de ferleagening fan Petrus, mar ek net-spesifike bibelske skilderijen as de Joadske breid. De Rembrandtbibel kaam 100 jier lyn út.