Stichting komt op foar goudfisk

25 okt 2005 - 15:51

De Vissenbescherming is yn aksje kaam tsjin de goudfiskewedstryd fan de NHL yn Ljouwert. Op it nije kantoar fan de hegeskoalle wurdt op dit stuit in wedstryd hâlden. Wa't syn goudfisk it langst yn libben hâlde kin, wint. Alle kantoarromtes ha in kom mei in fisk krigen.

De wedstryd giet ten koste fan de fisk, sa stelt de stichting. Yn in brief freegje se de skoalle mei de wedstryd op te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)