Tripleks djoerder troch orkanen

25 okt 2005 - 15:39

Fryske houtferwurkjende bedriuwen moatte de lêste tiid mear betelje foar tripleksplaten. Dat is it gefolch fan it drokke orkaanseizoen yn Amerika, seit houthannel PontMeyer. Pontmeyer hat yn Fryslân festigings yn Snits en op it Hearrefean.

De priis fan de platen is troch de grutte fraach sa'n 10 ta 15 prosint omheechgongen. Yn de troffen gebieten wurde houtplaten brûkt om hûzen en ruten te beskermen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)