'Trochstart Kral mooglik'

25 okt 2005 - 15:23

Kurator Lettinga is optimistysk oer in mooglike trochstart fan de fallite Objektief-winkels. Freed waard bekend dat de fotowinkels fan Objektief ticht binne omdat memmebedriuw Kral fallyt is. De fotoketen hat in totale skuld fan tsien miljoen euro. Ek yn Fryslân steane der tsientallen meiwurkers fan Kral en Objektief op strjitte. Minsken dy't noch fotoroltsjes of kamera's by de winkels lizzen hawwe, kinne dy fia ynternet (www.kral.nl) weromkrije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)