Zilverrail yn Ljouwert

25 okt 2005 - 15:17

De Zilverrail stie tiisdei op it stasjon yn Ljouwert. De Keninklike Feest Express, sa as de trein ek neamd wurdt, rydt yn de hjerstfakânsjewiken troch it hiele lân. De grutte yntercity hat njoggen wagons mei allerhanne aktiviteiten foar jongerein.

Zilverrail wurdt organisearre yn it ramt fan it sulveren regearingsjubileum fan keninginne Beatrix en is spesjaal foar jongeren tusken de 15 en 20 jier. Yn Ljouwert waard breakdance-les jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)