Feest Tsjummearum stiet faai

© Omrop Fryslân
It âldjiersfeest fan Tsjummearum stiet faai. De gemeente Frjentsjerteradiel wol net meibetelje oan de organisaasje. Doel fan it feest yn de Harnehal is om de jongeren nachts fan strjitte te hâlden. In pear jier lyn gong it mis yn it doarp. De ME moast der oan te pas komme om de opskuor del te bêdzjen.
Ferline jier kamen der 300 jongeren nei de sporthal. Miskien wurdt der dit jier in lytser feest yn de kantine fan de sporthal organisearre.