Jong Heerenveen ferliest

25 okt 2005 - 11:54

Jong Heerenveen hat moandei yn Tilburg mei 2 -1 ferlern fan Jong Willem II. Yn de 25ste minuut makke Hans Denissen it earste doelpunt foar de Tilburgers. Noch gjin tsien minuten letter kaam Jong Heerenveen mei 2 - 0 achter troch in doelpunt fan Jonathan Wilmet.

Yn de twadde helte wist Jong Heerenveen te skoaren. It wie Lasse Schöne dy't yn de 57ste minút de bal achter de doelman wist te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)