Menaam wol fan bûtentsjinst ôf

© Omrop Fryslân
Menameradiel wol fan syn bûtentsjinst ôf. It ûnderhâld oan bygelyks plantsoenen en diken moat - noch mear as no - troch bedriuwen dien wurde. Ek in gearwurking yn in nije tsjinst mei it Bilt, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel is in opsje.
By de bûtentsjinst wurkje 20 minsken. Sy wurde net ûntslein, mar wurde miskien wol oerpleatst. De útkomsten fan it ûndersyk nei de bûtentsjinst wurde foar maart takom jier ferwachte.