'Gjin dopingkontrôle amateurs'

25 okt 2005 - 10:32

Dopingkontrôle yn it amateurfuotbal is net nedich. Dat seit de medyske stêf fan sneonshaadklasser Harkemase Boys as reaksje op it nijs dat dopinggebrûk ek yn it amateurfuotbal foarkomt. It ôfrûne seizoen waard foar it earst geregeld kontrolearre yn 'e haadklasse. Ek twa spilers fan de Boys moasten in potsje urine ynleverje. It die bliken dat sy skjin wiene.

It ôfrûne seizoen binne seis amateurs op dopinggebrûk trapearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)