Bettere gearwurking tsjin fraude

© Omrop Fryslân
De fraude troch dakleazen yn de gemeente Ljouwert kin foarkaam wurde troch bettere gearwurking tusken gemeente, Leger des Heils en Kuno van Dijkstifting. Dat seit it haad fan de sosjale tsjinst fan de gemeente. In bettere gearwurking makket it makliker om út te finen at minsken ûnterjochte in útkearing oanfreegje. It giet dan om minsken dy't in hûs ha, mar har ynskriuwe by it Leger des Heils. Sa kinne se in folsleine útkearing krije.