Gerskarpers foar skjinne sleat

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân set gerskarpers yn om in tichtgroeide sleat yn Drachten skjin te meitsjen. Dizze karpers stean der om bekend dat se yn in rap tempo in sleat keal frette kinne. De gemeente set de fisken yn omdat it sels hast net by de sleat komme kin om te hekkeljen.
Mei elkoar moatte 45 fisken der foar soargje dat de sleat by it Sportpark De Splitting yn Drachten wer skjin wurdt.