Hobbyplomfee mei net nei bûten

© Omrop Fryslân
Hobbyplomfee yn risikogebieten moat fan moandei ôf binnen bliuwe of yn alle gefallen ûnder in ôfdak stean. It is ien fan 'e maatregels om in útbraak fan de fûgelgryp yn Nederlân foar te kommen.
Neffens kaarten fan it ministearje fan lânbou (LNV) binne foaral de wetterrike parten fan Fryslân risikogebieten, lykas de marren, de eilannen en de Waadkust. De kaarten mei de risikogebieten binne te sjen op de webside fan it ministearje fan LNV.