Swier befochten punt foar H'fean

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean sleepte snein mei in soad muoite ien punt út it thúsduel tsjin Utrecht. It waard 1-1. De Fin Tarvajärvi skoarde yn de lêste minút fan 'e blessueretiid de lykmakker.
Hearrenfean hie it nei it Europeeske duel yn Boekarest dreech tsjin Utrecht. Dave van den Bergh iepene de skoare foar de ploech út Utert. It wie foar Hearrenfean dreech om der oanfallend troch te kommen by de Utrechters. Dat slagge pas goed yn 'e lêste minût.