Nije Fryske sportsite

16 mrt 2012 - 13:07

Sportleawhawwers kinne tenei alles oer sport fine op in nije webside. Op www.sportfanfryslan.nl stean alle sporteveneminten yn de provinsje, mar ek útslaggen fan wedstriden en nijsberjochten fan ferienings. Foar elke gemeente is te sjen wat it sportoanbod is.

Sportferienings kinne der sels fan alles op sette, lykas foto's en filmkes. De webside is in inisjatyf fan Sport Fryslân en in reklamebedriuw. It wurdt stipe troch Fan Fryslân en in soarchfersekerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)