Boalsert moat meibetelje

© Omrop Fryslân
Boalsert kin it as regionaal sintrum yn de Súdwesthoeke net meitsje om gjin bydrage te jaan foar promoasje fan de streek. Dat stelt B&W foar oan de ried. Boalsert hat in sintrumfunksje trochdat in grut tal minsken fan bûten de gemeente in baan hat yn de stêd.
Yn de maitiidsnota wie al 10.000 euro útlutsen foar de promoasje. De ried woe graach mear ynformaasje hawwe. De gemeenten yn de Súdwesthoeke moat 30.000 euro bydrage oan streekpromoasje.