Buslijn 350 giet nei oeretsjinst

22 okt 2005 - 12:49

Buslijn 350 tusken Alkmaar en Ljouwert rydt tenei om it oere. Dat stelle deputearre steaten yn antwurden op fragen fan de GrienLinks-steatefraksje. De fraach nei iepenbier ferfier oer de Ofslútdyk soe net grut genôch wêze foar in healoere-tsjinst.

De lijn tusken Ljouwert en Alkmaar wurdt splitst: fan Ljouwert nei Harns mei de trein, fan Harns nei Alkmaar mei bus 350. Dêrmei giet de frekwinsje fan de busrit werom nei om it oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)