'Kwaliteit Waadsee giet tebek'

22 okt 2005 - 12:44

De kwaliteit fan it libben yn de Waadsee hat noch net earder sa min west. Benammen de lêste jierren rint de kwaliteit hurd werom.

Dat stelt heechleraar ekology en Waadsee-ûndersiker Theunis Piersma. Neffens him hat de weromrinnende kwaliteit grutte gefolgen foar de fûgelstân yn it waadgebiet. Benammen fûgels dy't skulpdieren ite hawwe it swier, mei troch de meganyske kokkelfiskerij yn it ferline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)