Reedriders rjochtsje fakbûn op

© Omrop Fryslân
Nederlânske topreedriders lykas Sven Kramer en Barbara de Loor rjochtsje in eigen fakbûn op. Dy fakbûn wurdt in ûnderdiel binnen it sportersfakbûn NL Sporter. Sa moatte har kollektive belangen behertige wurde.
De reedriders stelle dat de belangen yn de sport hieltyd grutter wurde troch de profesjonalisearing en kommersjalisearing fan de sport. Yn it nije fakbûn krije riders út alle ploegen in sit.