Sâltwinning kin troch gean

© Omrop Fryslân
Frisia Zout út Harns mei fan de Ljouwerter rjochtbank troch gean mei de sâltwinning. De aksjegroep 'Laat Het Zout Maar Zitten' hie beswier makke tsjin in fergunning, dy't de minister fan ekonomyske saken ôfjûn hie oan Frisia Zout.
De aksjegroep wie mear as in jier te let mei it beswier. De rjochter koe dan ek neat oars as Frisia Zout yn it gelyk stelle. De aksjegroep beriedt him no op nije prosedueres.