Frou falt minsken lestich

© Omrop Fryslân
In frou fan 39 jier fan it Hearrenfean is juster oanhâlden om't se yn de stasjons-restauraasje oan de Trambaan yn har wenplak minsken lestich foel.
De frou raasde tsjin oare minsken en skold se út. Om't se wegere fuort te gean, naam de plysje har mei nei it buro. De frou fersette har sa by har oanhâlding, dat de plysje de frou de hânboeien om dwaan moast. De plysjes waarden ek noch útskolden.