Dochs gjin iepen tbc by jonkje

© Omrop Fryslân
De GGD tinkt dat it 9-jierrich jonkje út de asylsikersopfang yn Wytmarsum in NET-besmetlike foarm fan tuberculose hat. It jonkje waard fan 'e wike yn it sikehûs opnommen mei ferskynsels fan tbc, mar de earste ûndersyksrisseltaten wize derop dat it mei it besmettings- gefaar tafalt.
It komt sowieso net faak foar dat bern oaren mei tbc besmette. Dat risiko is lytser as by folwoeksenen. It jonkje leit no noch yn it sikehûs.