Mantelsoarger freget gjin help

21 okt 2005 - 14:44

Mantelsoargers yn Fryslân meitsje noch net in soad gebrûk fan de stipe dy't se krije kinne. Dat seit de organisaasje Cozorg, dy't mantelsoargers helpt by de fersoarging fan sike famylje of kunde.

Mantelsoargers hawwe it faak te drok om tydlike soarch te regeljen. Ek wurdt de soarch foar sike famylje wol oernaam troch minsken út de rûnte fan famylje of kunde. De mantelsoarger wol der dan leaver gjin frjemd gesicht by hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)