Twa Harnzer Angels langer fêst

21 okt 2005 - 13:36

Twa fan de fiif Hells Angels fan Harns, dy't moandei oppakt binne, bliuwe op syn minst noch twa wike fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris yn Amsterdam tongersdei besletten.

De Hells Angels soene lid wêze of lid west ha fan in kriminele organisaasje. De oare trije Hells Angels fan de Harnzer ôfdieling North Coast binne yntusken wer frij. Moandei waarden mei grut machtsfertoan mei elkoar 45 Hells Angels yn it hiele lân oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)