Nije website foar Feanster jeugd

21 okt 2005 - 13:36

De Hearenfeanster jeugd krijt in nije website fan de gemeente. Leefbaar Heerenveen hat dêr tongersdei om frege yn de gemeenterie. Sûnt it ferdwinen fan 'heerenveenforum.com' is der net mear in spesifyk plak foar de Feanster jeugd om inoar online te moetsjen.

Leefbaar Heerenveen wol mei in nije site berikke dat de polityk en de jeugd yn kontakt bliuwe. It jongerewurk soe sa op in eigentiidske wize stal krije kinne. De oare partijen giene akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)