Dronryp siket "Don Juans"

21 okt 2005 - 13:36

It iepenloftspul fan Dronryp is op syk nei spilers foar Don Juan. Dat tonielstik sil takom simmer opfierd wurde. It waard earder spile yn it Amsterdamse Bos, en is spesjaal foar it iepenloftspul fan Dronryp yn it Frysk oerset.

Foar Don Juan binne sa'n tweintich spilers nedich, manlju en froulju fan ferskate leeftiden. Op sneon 12 novimber wurde der audysjes hâlden. Yn jannewaris begjinne de repetysjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)