Brief mei Frysk út 1780 fûn

Der is in brief fûn mei Fryske stikjes tekst út 1780. Dat is unyk, want der binne mar in hantsjefol Fryske brieven út de 18e ieu bekend. Dizze is skreaun troch skipper Tjebbe Rinkes oan syn frou.
De brief mei Fryske fragminten is ûnderdiel fan in grutte kolleksje fan 15000 brieven. It giet om priveebrieven dy't troch de Ingelsen op see yn beslach naam binne as oarlochsbút. It skriuwen fan Tjebbe Rinkes kaam nea by Fok Sierds yn Warns telâne. It bedarre yn de National Archives yn Londen.
Dêr waard er ûntdutsen troch de Leidse professor Marijke van der Wal. Hja hat de lieding oer it projekt 'Brieven as bút'.It giet om in ûndersyk nei 17e en 18e ieuske priveebrieven dy't troch de Ingelsen op see yn beslach naam binne. Doe't Van der Wal in brief mei Fryske fragminten ûnder eagen krige, skeakele se bysûnder heechlearaar Frysk Rolf Bremmer yn.
Tjebbe skriuwt de dielen dy't foar syn frou bedoeld wiene, yn it Nederlânsk en de stikken foar syn mem yn it Frysk.
"Dit is, leeu ik, wol het toolfde of het 13 brief al, der ik dij hier vandenne stierd heb. (...) Ik tienke, dat ik en goe nemme bij de vroulie te Wans sol krije, omdat ik so trou schriu.' Hy neamt syn mem 'mim'. Opfallend is dat it omdraaien fan de tiidwurden doe ek al foarkaam ('sol krije').